Hoe bliuwt alles berikber as der gjin bussen mear ride?

15 jan 2019 - 09:03

Hoe bliuwe plakken yn it noardwesten fan Fryslân berikber as der hieltyd minder bussen ride? Dêroer wie moandei yn Harns de earste fan seis gearkomsten. Oanwêzigen praten oer de takomst fan it iepenbier ferfier, dat yn 2022 opnij oanbestege wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

Provinsjale Steaten wol witte oft minsken ideeën hawwe oft it ferfier ek oars kin. "No rydt der hast troch elk doarp in bus, mar dy binne faak foar in grut diel leech", seit Sjoerd IJdema fan ûndersyksbedriuw Partoer. "Hat it dan sin om sa'n bus ride te litten? It kostet in soad jild." Partoer organisearret yn opdracht fan de provinsje de seis gearkomsten. Nei Harns kinne minsken yn Skingen, Winaam, Minnertsgea, St.-Anne en Marsum har ideeën hearre litte.

De opkomst yn Harns wie net heech, mar dat is net sa gek neffens IJdema. "We hiene it oer in hypotetysk útgongspunt: wat as der gjin bussen mear ride? Foar de minsken is it dus net in hiel urgint probleem." IJdema seit ek dat it net sa slim is dat it net drok wie. "It giet om de kwaliteit fan de ideeën en de fraach oft we dat útwurkje kinne nei in konkreet plan."

Wat wiene de ideeën yn Harns? "Dat gie fan in selsridende auto oant elektryske fytsen of skooters en dielauto's. Dat lêste idee wurdt no fierder útwurke."

Ek Friezen yn de regio's Midden-Fryslân en Súdeast-Fryslân wurde oproppen om mei te tinken oer de berikberens. Op bûtengewoanberikber.nl stiet alle ynformaasje en dêr is ek de mooglikheid om enkêten yn te foljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)