It Fryske Gea lit plestik fuorthelje út Noard-Fryslân bûtendyks

15 jan 2019 - 07:55

Noard-Fryslân Bûtendyks like gjin lêst te hawwen fan de troep dy't der op grutte parten fan de Waadseekust oanspielde as gefolch fan de kontenerramp. No wurdt dúdlik dat der ek hjir it ien en oar opromme wurdt en grypt it Fryske Gea yn.

Noard-Fryslân Bûtendyks - Foto: Remco de Vries

Der leit foaral lyts guod yn it floedmerk op de dyk tusken de kwelders en de simmerpolder. En dat moat der wei. Dêrom is moandei besletten om in oannimmer yn te hieren dy't it guod masinaal opromje kin. Neffens distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea kin it net oars: "Dat lytse guod is folle minder goed te sjen, en it is minder goed op te romjen dus dat sil masinaal barre moatte." En elts stikje plestik kin foar in fûgel as oar bist fataal wêze.

De rommel is benammen oanspield op de kades. "Dêr sille wy mei in trekker en in kraan sjen oft wy it spul oplade kinne op in karre, om it dan nei in depotlokaasje te ferfieren om it dêrnei ôf te fieren nei in ferwurker."

Omdat it ferline jier sa drûch wie, falt der noch goed yn it gebiet te wurkjen. Wannear't de opromaksje krekt úteinset, is noch net bekend.

(advertinsje)