Yn spanning oer Brexit: "It is krekt lykas in eksamen"

15 jan 2019 - 07:36

It spilet him folslein ôf yn Ingelân, mar dochs hâldt de Brexit tiisdei ek hûnderten minsken yn Nederlân dwaande. Dit binne dan benammen minsken dy't hannel driuwe mei it Feriene Keninkryk (the UK). Nielsen-Massey Vanillas yn Ljouwert is ien fan de Fryske bedriuwen dy't hannel driuwt mei de UK, en ek direkteur Bouwe de Vries folget it Brexit nijs op de foet: "Foar 100 prosint, en net allinnich hjoed mar eins al twa jier."

Foto: ANP

De fanylje fan De Vries wurdt net allinnich yn iten fan grutte Britske supermerken brûkt, mar ek yn bygelyks medisinen. In hurde Brexit soe dan ek grutte gefolgen hawwe foar it Ljouwerter bedriuw, sa tinkt De Vries. "It wichtichste is de fraach hoe't it komt mei it transport nei de UK as de NoDeal-Brexit trochgiet. Want de formaliteiten, benammen it dûaneferkear, sil foar in soad stagnaasje soargje tusken de UK en Europa."

Om hjirop taret te wêzen hat it Ljouwerter bedriuw dwaande west om grutte foarrieden oan te lizzen yn Ingelân. "Wy hawwe it gelok dat ús produkten gjin farske produkten binne, it kin maklik in pear moanne stilstean op in kade of yn in pakhûs earne. Wy binne der dus al reedlik op taret, allinnich de kosten sille tanimme."

Dei fan de wierheid

De Brexit-diskusje spilet al in tal jierren, sûnt it referindum fan 2017, mar komt tiisdeitejûn ta in hichtepunt. It Britske Lagerhuis stimt tiisdeitejûn oer de deal dy't premier May makke hat mei de Europeeske Uny oer de Brexit.

Net allinnich it Britse folk, mar ek it parlemint is al sûnt it referindum bot ferdield oer de Brexit. De foarige kear doe't stimd wurde moast oer de EU-deal hat premier May it op it lêste momint útsteld. Dat dit no wer bart, is net te ferwachtsjen.

It is krekt as in eksamen, je sitte te wachtsjen op in útslach en úteinlik is in negative útslach net it moaiste, mar je witte wol wêr't je oan ta binne.

Bouwe de Vries, direkteur Nielsen-Massey Vanillas

De Vries hopet dat der nei tiisdeitejûn no lang om let dúdlikheid is. "It is krekt as in eksamen, je sitte te wachtsjen op in útslach en úteinlik is in negative útslach net it moaiste, mar je witte wol wêr't je oan ta binne."

Al is sa'n negative útslach net it resultaat dêr't De Vries op ynset. "Ik hoop op in nije ferkiezing, want it fermoeden is dochs wol dat it no de oare kant útslaan sil."

(Advertinsje)
(Advertinsje)