Kollum: "De digitale striid"

"It is 15 jannewaris en ik bin stadichoan wat bekaam. Ik bin no safier dat ik wer fersteanber artikulearje kin, dat myn bloeddruk net fuort nei Himalaya-eftige hichten sjit as ik it deroer haw, en dat it hert net as Jurre 495 begjint te fjouwerjen as it ûnderwerp op 'e tafel komt. Ik haw it oer in projekt dat him yn de lêste wiken fan desimber 2018 oantsjinne. In opjefte ynstee fan in hanneling dy't net mear as trije mûsklikken kostje moat. Ik haw it oer it oanpassen fan de soarchfersekering.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sa't jim witte moatte feroaringen foar 31 desimber trochjûn wurde. Om't ik guon saken nei ûnderen ta bystelle woe, ynstallearre ik my healwei desimber yn al myn ûnskuld achter de pc. Sûnder euvelmoed surfte ik nei de mijnziekenfonds-omgeving om yn te loggen. Dat wie it doel, yn alle gefallen. Mar dêr't ik dat earder mei in namme en in wachtwurd koe, moast ik no in QR koade ynscanne om yn te loggen. En dat ynscannen moast mei de Digid-app dien wurde. Dat wie it earste momint dat ik wat yn de skuon sakjen fielde. De moed, ja. Ik die wat ik altyd doch op sa'n momint: útstelle. Moarn wer in dei.
It waard moarn en ik ynstallearre my opnij achter de pc. In bytsje minder ûnskuldich al. Mei in folslein ûnrealistyske hope dat de ynlochkwestje yn ien nacht feroare wêze soe, surfte ik nei de mijnziekenfonds-omgeving. Dêr't ik freonlik fersocht waard om yn te loggen mei it ynscannen fan in QR koade. Ik sykhelle djip en helle de Digid-app del op de tillefoan. Dy app moat aktivearre wurde. Dêrta moatst dyn Digid-wachtwurd ynfolje, en in koade dy'tst fia SMS tastjoerd krigest. Mar wat der ek barde, ik krige gjin SMS. De skuon rûnen fol, de bloeddruk skeat as de AEX yndeks omheech en foar de eagen foarme him stadichoan in read flues. Foar de wissichheid helle ik in bakstien fan bûten en werhelle it hiele proses, mei itselde resultaat.
Doe't ik op it punt stie om it skerm mei de bakstien te fernielen, hifke de frou oft it telefoannûmer wol doogde. Nei in flugge kontrôle bliek dat net it gefal te wêzen. Dus tikke ik it goede nûmer yn it dêrta bestimde fjild, en krige de meidieling dat ik de SMS befêstiging oer trije dagen mei in brief fia de post thúsbesoarge krije soe. Myn eachweid wie ûndertusken djippears.
Nei trije dagen en in grutte doaze Lisordinol krige ik it brief mei de befêstiging. Ik sleepte my nei de pc, fierde alles yn en krige, o wûnder, in SMS mei de koade. Dêrnei rjochte ik de mobyl op it QR fjouwerkant. Yn de app kaam in keppelkoade foar 't ljocht. Dy moast ik op de pc ynfolje. Op de pc ferskynde in koade fan fiif sifers dy't ik wer yn de app ynfiere moast. Doe't ik dat allegearre dien hie, hie ik de moed net mear om de oanpassingen oan de soarchfersekering te dwaan. Moarn wer in dei. Afijn, it waard moarn en úteinlik wie ik krekt foar 31 desimber klear.
Wat ik my nei dy opjefte ôffreegje is dit: hoe moatte digibeten soks hawwe? En âlderen? Wurde guon groepen op sa'n wize net hielendal bûtensluten?"