Skooterrider slim ferwûne by ûngelok

By in ûngelok mei in skooter op de paralleldyk tusken Snits en Wâldsein is moandeitejûn de bestjoerder slim ferwûne rekke. Hoe't it ûngelok barre koe is net bekend.
© CAMJO Media
Bewenners fan in pleats by it buorskip Koufurderrige seagen de skooterrider ferwûne lizzen en warskôgen de helptsjinsten. Dy rieden manmachtich út, der waard ek in traumahelikopter ynset. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.