Ljouwerter ûndernimmers posityf oer it nije Cambuur-gebiet

It nije Cambuurstadion, mei alle oare nije foarsjennings yn it WTC-gebiet, wurdt in grutte ferriking fan de stêd. Dat stelt Cees Anceaux út namme fan ûndernimmersfederaasje 058. Dizze koepel fan ûndernimmersferienigingen fertsjintwurdiget 85 persint fan de ûndernimmers yn Ljouwert.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Anceaux wie moandei ien fan de alve ynsprekkers by de ried, dy't oer 14 dagen definityf in beslút nimme sil oer it nije stadion en it gebiet dêromhinne.
Yndividuele ûndernimmers lieten in hiel oar lûd hearre. Sy binne krekt benaud foar in ferskraling fan de binnenstêd, dêr't no al in protte leechstân is.
Ek de wurdfierder fan it inisjatyf 'Overbewinkeling' spruts fan in fersteuring fan de balâns en dat yn in tiid dat it ynkrimpen fan it tal fjouwerkante meters winkelgebiet logysker is as it útwreidzjen dêrfan.
Ferslachjouwer René Koster praat mei ûndernimmers
Ynsprekker Cees Anceaux © Omrop Fryslân, René Koster
Fan omwenners kamen moandei net allinnich de bekende krityske lûden oer ferwachte oerlêst fan parkearjen, ljocht en lûd. Dit kear lieten ek omwenners fan harren hearre dy't krekt bliid binne dat it gebiet ûntwikkele wurdt. Sy fine dat 'Cambuur it fertsjinnet' en dat 'de gemeente krekt hiel sekuer west hat yn de kommunikaasje'.