Avine Fokkens: "Voor je het weet, word je in een frame gedrukt"

De fraach oft Fryslân in reinbôge-provinsje wurdt, is foar de VVD by de kommende provinsjale ferkiezingen gjin brekpunt. Dat seit fraksjefoarsitter Avine Fokkens yn It Polytburo. Dochs is har partij tsjin it útstekken fan de flagge op it provinsjehûs, dy't de solidariteit mei de LHBT-mienskip sjen lit.
Avine Fokkens yn It Polytburo
It úthingjen fan de reinbôgeflage is in hjit hangizer wurden nei de ophef om de Nashville-ferklearring hinne. Dat is in dokumint oer it kristlik leauwen, it houlik en seksualiteit, dêr't homoseksualiteit strang yn feroardiele wurdt.
Neffens de VVD is it net nedich om solidariteit middels sa'n flagge te toanen. "De reden dat wij hier niet voor zijn, is dat wij vinden dat je met zo'n vlag benadrukt dat LHBT-mensen anders zijn dan u en ik", seit VVD-fraksjefoarsitter Avine Fokkens. "Wij vinden dat die mensen helemaal niet anders zijn." Likegoed sil de partij akkoart gean mei Fryslân as reinbôge-provinsje, as dat út de kolleezje-ûnderhannelings komt.

Nashville-ferklearring

De flagge wurdt just bedoeld om solidariteit te toanen mei minsken dy't diskriminearre wurde. Nei de konsternaasje om de Nashville-ferklearring soe it in goed momint wêze om dy flagge út te hingjen. "Die verklaring laat zien dat de homo-emancipatie binnen de kerk veel verder is dan wij denken. Als je de reacties binnen de kerk ziet, zoals het hijsen van een regenboogvlag of het weigeren van een predikant die de verklaring ondertekende, is dat heel positief."

"Voor je het weet, word je in een frame gedrukt"

Rûnom yn de provinsje waard op bestjoersgebouwen de flagge útstutsen. De VVD seit dêr op syn eigen manier ynfolling oan te jaan. Net troch it hisen fan in flagge, mar troch it feroarjen fan regeljouwing. Dat Fryslân de iennichste provinsje is dy't gjin reinbôge-provinsje is, ropt de suggestje op dat de kwestje hjir gefoelich leit. "Voor je het weet, word je in een frame gedrukt, waar je jezelf helemaal niet in herkent."
© Omrop Fryslân
Fokkens wie lulk op de SP, omdat dy partij foarige wike dochs meigie yn it útstekken fan de reinbôge-flagge. Se hat der in stokje foar stutsen doe't SP-deputearre Michiel Schrier him ek by it hisen sjen litte woe. It siet de VVD dwers dat de oare kolleezjepartij meidie oan in aksje dy't neffens har foaral foar de bühne bedoeld wie.

Foarljochting

Ek foarljochting oer homoseksualiteit is wichtich. De subsydzje oan belange-organisaasje COC en diskriminaasjemeldpunt Tûmba binne yn 2018 al stopsetten. Fan de gemeenten krije se noch wol jild, mar dat is te min en de organisaasjes driigje kopke ûnder te gean. De provinsje soe dêr ferantwurdlikens yn nimme kinne. "Het is geen provinciale taak. Er is over gezegd dat het in beginsel bij de gemeente moet liggen, omdat die dichterbij de mensen staat."