Twaspjalt yn Weststellingwerf: kieze tusken glêsfezeloanbieders

Minsken yn Weststellingwerf krije it noch lestich mei kiezen tusken glêsfezeloanbieders. Yn dy gemeente angelje twa oanbieders fan rap ynternet nei klanten yn it bûtengebiet.
© Omrop Fryslân, René Koster
Kabelnoord út Dokkum rôlet yn gearwurking mei en mei stipe fan de provinsje en gemeenten rap ynternet út. Dat docht it bedriuw oeral ûnder deselde betingsten, lykas as in ûndergrins fan 60 persint oanmeldings.
Ofrûne moanne melde him in nije oanbieder: Glasvezel Buitenaf fan Almelo. Dat is in kommersjele partij dy't al yn sa'n 40 gemeenten glêsfezel yn it bûtengebiet oanlein hat. Earst wie harren ûndergrins 50 persint oanmeldings, mar dy ha se no sels hielendal falle litten, om minsken oer de streek te lûken.
Neffens Rob de Kan, foarsitter fan pleatslik belang Teridzert is de kous dêrmei net ôf, no't it Oeriselske bedriuw de ûndergrins ôfskaft hat. "Waarom mag Kabelnoord niet terugvechten?", seit De Kan.

Drege adressen

It ferskil tusken de twa oanbieders liket te sitten yn de saneamde 'drege adressen': adressen dy't isolearre lizze troch ôfstân of wetter. Kabelnoord wol 100 persint oanslute, at se de ûndergrins helje.
Glasvezel Buitenaf spruts him net helder út oer de drege adressen. "Misschien laten we die liggen of komen we er met een apart aanbod", sei in wurdfierder moandei. In dei letter seit it bedriuw alle adressen in it bûtengebiet in oanbod te dwaan, oft de oanslutingen no goedkeap of djoer binne om oan te lizzen.
Yn de doarpen ûntstean no twa kampen: it iene is bliid mei 'Almelo', want it is wat goedkeaper en it is wis dat it trochgiet. It oare kamp is posityf oer Kabelnoord, dy't alles oanslute wol.
Ferslachjouwer René Koster wie yn Teridzert
It pleatslik belang hie ferwachte dat de gemeente earder mei ynformaasje komme soe oer it feit dat der twa oanbieders binne en is dêr lulk oer. De gemeente hat yntusken har foarkar útsprutsen foar Kabelnoord. "Ik fyn it goed dat de gemeente dy foarkar útsprutsen hat. Mar it hie net sa fier komme moatten."

Kar oerlitte oan bewenners

Wethâlder Jack Jongebloed fertelt dat de gemeente de kar oerlit oan de bewenners, mar hopet dat Kabelnoord de 60 persint hellet. Ek omdat dêr al trije jier op ynsetten is, mei de buorgemeenten. "Kabelnoord is al langer in beeld. Daar hebben we goeie afspraken mee gemaakt. In november heeft een andere partij zich gemeld en dat mag in een vrije marktwerking", seit Jongebloed.
Dizze wiken binne hast alle dagen ynformaasjejûnen fan beide partijen yn Weststellingwerf.