Ferwûne by bedriuwsûngelok yn Harnzer ôffaloven REC
Der hat moandei oan it begjin fan de jûn in bedriuwsûngelok west yn de ôffaloven REC yn Harns. Dêr wie in man oan it wurk op in steiger, dy't fallen is nei't der betonbrokken op de steiger foelen. Hy hat syn skonk brutsen en is nei it sikehûs yn Grins ta brocht.
De man, dy't in saneamde previntive ynspeksje die, hat syn skonk brutsen en is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins ta brocht. Ek de brânwacht, ambulânsen en plysjes wiene oanwêzich.