Sportoersjoch: Gouden Sven, Antoinette en Suzanne en lykspul Cambuur

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch 14 jannewaris
Wy ha mei Fryslân sportyf sjoen in tige suksesfol wykein efter de rêch. Sawol yn it Italiaanske Collalbo as op de shorttrackbaan yn Dordrecht stiene Fryske sporters op de heechste trêde.
Sven Kramer pakte syn tsiende Europeeske titel allround. Dêrmei is de sirkel rûn: tolve jier lyn pakte hy syn allerearste Europeeske titel ek yn Collalbo. By de froulju gie de Europeeske titel nei Antoinette de Jong.
By it EK shorttrack makke Suzanne Schulting har favoriterol hielendal wier. Sjinkie Knegt koe net meidwaan fanwegen syn brânwûnen. Hoe giet it eins mei him?

Fuotbal

Hearrenfean spilet pas takom wykein tsjin Ajax. Mar Cambuur kaam al wol yn aksje, tsjin titelkandidaat Sparta. Dat wie in spektakulêre wedstriid. De kâns is grut dat der dizze winter wol trije spilers fuortgean by Cambuur.

Wedstriid fan de Wike: LDODK

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' nimme de kuorballers fan LDODK it op tsjin koprinner Fortuna út Delft.