Sels de marine staakt syktocht nei konteners fanwege min waar

14 jan 2019 - 18:15

De Keninklike Marine hat twa skippen yn stelling brocht om te helpen mei it sykjen nei de konteners dy't fan it frachtskip MSC Zoe ôf yn see bedarre binne. Mar it waar is sa min, dat it net mooglik is om effektyf te sykjen. Dat meldt in wurdfierder fan Definsje.

Dûkers fan de keninklike marine - Foto: ANP

De MSC Zoe hat begjin dit jier 291 konteners ferlern op see boppe de Waadeilannen. Fan tsientallen konteners is de lokaasje noch altyd net bekend. Saakkundigen meitsje har soargen oer de gefolgen foar de natuer. De Waadsee is in Wrâlderfgoedgebiet.

Sonar

Definsje stjoert de Zr. Ms. Vlaardingen en de Zr. Ms. Luymes nei it gebiet dêr't de konteners lizze. Beide skippen ha sonar oan board. De Zr. Ms. Vlaardingen is in minejager fan 50 meter lang. Neffens Definsje kin it skip ûnder wetter hast alle objekten opspoare.

De Zr. Ms. Luymes is 75 meter lang, en in saneamd 'hydrografisch opnemingsvaartuig'. Dat betsjut dat it brûkt wurdt om de seeboaiem yn kaart te bringen.

Foto: Kustwacht Nederland

Yn de hurde wyn en de hege weagen is it lestich om te sykjen, seit in wurdfierder fan Definsje. It waar liket net gau better te wurden. Dêrtroch is it noch ûndúdlik hoe't it sykjen de kommende dagen ferrinne sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)