LGBT-film fan Tytsjerkster skoalfamke is razend populêr

14 jan 2019 - 17:45

De 17-jierrige Hester Douma fan Tytsjerk hat mei in filmke, dat sy makke foar har profylwurkstik, al mear as 143.000 sjoggers op YouTube berikt. De koarte film 'Lucy' giet oer LGBT-problematyk (Lesbian, Gay, Bisexual en Transgender). Benammen minsken yn Amearika en Yndia binne yn it filmke ynteressearre. Dat it safolle reaksjes oproppe soe, hie se sels ek net tocht.

De film giet oer Lucy, dy't fereale wurdt op it famke Grace. Lucy har mem is it dêr hielendal net mei iens. "It filmke fertelt in ferhaal oer in famke dat net hielendal feilich is yn har omjouwing", seit Douma. "It is net feilich om harsels te wêzen."

Oan de ein fan de film stelt Douma de fraach: What's your story? Dêrmei krijt se in soad ferhalen fan minsken út de LGBT-mienskip, mei wa't it net sa goed giet. "In hiel protte minsken fertelle wat sy meimakke hawwe."

Hester Douma fertelt oer har film

Hester hat noch gjin sifer krigen foar har film, mar mei sa'n soad positive reaksjes sil der grif in goede beoardieling komme.

(advertinsje)