Himpkwekerij oantroffen by souderbrân yn Lippenhuzen

14 jan 2019 - 17:33

Yn Lippenhuzen hat moandeitemiddei brân west yn in hûs oan de Feestlân. De brân wie op de souder en der kaam in protte reek út in dakraam. By it útmeitsjen fan de brân, troffen de brânwachtmannen in himpkwekerij oan. Hoe grut dy kwekerij presys wie, koe de plysje noch net melde.

Foto: De Vries Media

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Ut foarsoarch waarden trije chihuahua's út in hûs helle.

(advertinsje)