Wedstriid fan de wike: topper foar LDODK

14 jan 2019 - 17:20

De kuorballers fan LDODK steane foar in moaie útdaging: snein reizigje se ôf nei koprinner Fortuna út Delft. Wurdt it oan- of ôfheakje foar de Gordykster kuorballers? It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

De foarsprong fan nûmer ien Fortuna op nûmer fjouwer LDODK is fjouwer punten. "En dus kin LDODK hiel goeie saken dwaan, as se snein yn Delft winne kinne", wit sportferslachjouwer Andor Faber.

"Dat is tagelikertiid wichtich om't LDODK by de earste fjouwer einigje wol yn de Kuorbal League. Dan helje se de finales." De ferskillen binne no, hast op de helte fan de kompetysje, behoarlik lyts. LDODK hat likefolle punten as de nûmer fiif Blau-Wyt Amsterdam. De nûmer seis KZ stiet der mar ien puntsje efter.

De wedstriid tusken Fortuna en LDODK set sneintemiddei om 15.30 oere útein.

Foto: Omrop Fryslan

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)