HEA! sjocht achter de skermen by de hynstekeuring
HEA! op 'e hynstekeuring
Sneon wie de jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek" (KFPS). Elkenien sjocht nei de swarte pearels yn de spotlights. HEA! seach wat der allegear bûten de ring bart. Genietsje fan in foarbringer op klompen, de Fryske Quadrille en in tatoeaazje fan in Frysk hynder.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.