Thorsby weromset nei beloften: gjin tastimming foar ûnderhannelingen mei Sampdoria

14 jan 2019 - 16:47

Fuotballer Morten Thorsby fan Sportklup Hearrenfean traint de kommende tiid mei mei Jong Hearrenfean. Dat hat de kluplieding besletten nei in petear mei him. De maatregel is naam omdat Thorsby net opdaagjen kaam by de earste twa treningen fan dit jier, omdat hy yn Italië siet foar ûnderhannelings mei Sampdoria.

Foto: www.orange-pictures.nl

Technysk manager Gerry Hamstra is teloarsteld yn 'e hannelswize fan de Noarske middenfjilder. "Sampdoria had ons een brief gestuurd waarin stond dat ze interesse hadden in Morten, maar ze hadden geen bod gedaan. Toen Morten bij mij kwam om toestemming te vragen naar Italië te gaan voor de onderhandelingen met Sampdoria, heb ik daar geen toestemming voor gegeven. Dat hij toch in het vliegtuig is gestapt en vervolgens belde dat hij later wilde aansluiten in ons trainingskamp vind ik teleurstellend."

Sampdoria

Thorsby berikte wol in oerienkomst mei Sampdoria, dat útkomt yn de Italiaanske Serie A. Mar hy stapt net earder as fan't simmer oer. "Dat hoort bij het voetbal", seit Gerry Hamstra. "Daar ben ik niet teleurgesteld over. Maar wel over het feit dat hij twee dagen niet op komt dagen. Je hoort gewoon op je werk te komen, ik kan ook niet zomaar twee dagen wegblijven van mijn werk."

(advertinsje)
(advertinsje)