Berging konteners wer útsteld: weagen bliuwe te heech

14 jan 2019 - 16:40

De berging fan de konteners yn de Noardsee wurdt wer útsteld. It waar makket it bergjen net mooglik: de weagen binne te heech. Sadree't it waar it wol talit, begjint de berging. Dat is op syn betiidst woansdei.

Foto: Kustwacht Nederland

Rykswettersteat woe ôfrûne freed begjinne mei de berging, mar fanwege de minne waarsomstannichheden is dat al ferskate kearen útsteld. De feiligens giet foar de fluchheid, seit Rykswettersteat.

Konteners yn see

Der lizze noch mear as 250 konteners op see. Guon dêrfan lizze sa djip dat it dreech is om by te kommen. Twa wike lyn foelen hast 300 konteners fan it frachtskip MSC Zoe ôf, boppe de Waadeilannen.

De hiele bergingsoperaasje sil nei alle gedachten moannen duorje. Fan tsientallen konteners is de lokaasje noch net bekend. Definsje helpt mei om se te sykjen.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)