Sport Fryslân stipet oprop foar mienskiplike 'swarte list' foar ferieningen

It is in goeie saak dat sportferieningen en frijwilligersorganisaasjes mei mekoar in swarte list opstelle fan minsken dy't fan misbrûk fertocht wurde. Dat seit koepelorganisaasje Sport Fryslân. No noch wurkje de ferieningen en organisaasjes mei losse listen, dêr't allinne minsken op steane dy't troch in rjochter feroardiele binne.
Anne Jochem de Vries, dir. Sport Fryslân © Omrop Fryslân, René Koster
"Kwetsbere groepen yn de maatskippij, de bern, moatte we beskermje tsjin misbrûk. By twivel wolle je foarkomme dat der ûngelokken barre", seit Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân.
"De feriening moat ynformaasje krije kinne oer de minsken dêr't se mei wurkje wolle. Dus we steane wol achter dy oprop. Je moatte wol foarkomme dat ien dy't fertochte is, mar dêr't gjin útspraak fan west hat, dat dy der lêst mei krijt. Dêrom moatte jo hoeden mei sa'n list omgean. Dat de tagong dêrta fia de klups ferrint, sadat dy neigean kinne oft de persoan dêr't se meiwurkje wolle op de list foarkomt. Ik ha dat leaver, as dat se der te let achter komme, as der al wat bard is."

Komt it ek yn Fryslân foar?

"Misbrûk komt spitigernôch oeral foar, dêr't gesachsferhâldingen binne en kwetsbere groepen. Dus ek yn Fryslân. We witte lang net alles, der komt wol mear boppe wetter. Dêr moatte wat oan dwaan."

Advys: fertrouwenspersoan

Sport Fryslân hat wol in advys: elke feriening moat in fertrouwenspersoan ha binnen de feriening. "Ien dy't taret is op dizze ferantwurdlikheid. Ferieningen binne faak hoeden om sinjalen oer misbrûk bekend te meitsjen, se binne benaud dat sponsors of leden fuortrinne. Klups moatte dêr belied op fiere."
Anne Jochem de Vries fan Sport Fryslân
De oerkoepeljende organisaasje NOC*NSF wol dat op de mienskiplike swarte list ek minsken komme te stean dy't troch de strafrjochter feroardiele binne en frijwilligers dy't troch in bestjoer skrast of fuortstjoerd binne.