Gemeente Hearrenfean helpt minsken mei in smelle beurs

14 jan 2019 - 16:11

De gemeente Hearrenfean komt dizze moanne wer mei in spesjale budzjetgids foar minsken dy't net safolle jild om hannen hawwe. De gids stiet fol mei ynformaasje oer regelingen en organisaasjes dêr't ynwenners in berop op dwaan kinne. It giet om gemeentlike regelingen, mar ek fan oare ynstânsjes.

Foto: Gemeente Hearenfean

Wethâlder Hans Broekhuizen: "We weten dat het soms lastig kan zijn om rond te komen. En wat de reden ook is, we vinden het wel belangrijk dat zoveel mogelijk mensen mee kunnen doen."

De gidsen wurde yn de rin fan dizze moanne ferspraat. In diel giet fia de post nei minsken dy't al kontakt ha mei de gemeente. De gids leit ek by bibleteken en skoallen. Hy is te krijen op it gemeentehûs en stiet ek op de gemeentlike webside.

Trefwurden: 
Hearrenfean budzjetgids
(advertinsje)
(advertinsje)