Snitser krijt wurkstraf foar it stalken fan syn eks-frou

In man út Snits hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen foar it stalken fan syn eks-frou. Hy moat de kommende trije jier ek út har buert bliuwe. Docht er dat net, dan rint er it risiko op in selstraf fan trije moanne.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man stjoerde syn eks-frou allegear brieven en sms-kes. De frou hie al sein dat er dêrmei ophâlde moast en de plysje hie dat ek alris sein. Dochs gie de man troch. Hy sei dat er lilk wie omdat syn eks sein ha soe dat er in Jekyll & Hyde-kompleks ha soe, in 'gespleten' persoanlikheid.
Njonken de wurkstraf en in gebietsferbod, komt de Snitser ûnder tafersjoch fan de reklassearring. En hy moat him behannelje litte.