Leeuwarder Courant komt foar ien kear mei spesjale edysje
De Leeuwarder Courant komt foar ien kear wer út op it âlde grutte formaat. It giet om in spesjale edysje dêr't foaral ferhalen en berjochten yn steane oer de winter.
De redaksje hat bysûndere ferhalen selektearre dy't earder yn de krante stien hawwe. It giet om de winters tusken 1972 en 2012, it jier dat de Ljouwerter krante oergie op it tabloidformaat.
De spesjale krante is fan ein jannewaris ôf te keap by ferskate winkels.