Trije ONS Snits-ikoanen nimme nei dit seizoen ôfskied

Ale de Boer, Klaas de Vries en Curty Gonzales nimme nei dit seizoen ôfskied by ONS Snits. Dat hat it trijetal witte litten oan de kluplieding fan de treddedifyzjonist. Ek Samir Merraki sil nei de simmer net mear yn it shirt fan de Snitsers te bewûnderjen wêze.
Curty Gonzales yn aksje foar ONS Snits © orange-pictures.nl
De Boer en De Vries meitsje respektyflik al acht en sân seizoenen diel út fan de seleksje fan ONS Snits. It twatal makket harren kar op basis fan persoanlike en wurkrelatearre saken. Beide spilers wurde troch de Fryske klup priizge om harren 'wurknocht, oanwêzichheid, fuotbaljende fermogen, mar seker ek om harren gesellichheid en harren rol binnen de groep'.

Nije útdaging

Gonzales is dwaande oan syn tsiende seizoen by ONS. De rappe fuotballer, dy't op ferskate posysjes út de fuotten kin, wol graach op syk nei in nije útdaging. De klup respektearret dat beslút.
Merraki kaam yn de winterstop fan it ôfrûne seizoen nei Snits. Hij krijt ûnder trainer Paul Raveneau net mear in protte spyltiid en dus wol hy graach omsjen nei in oare klup.