Muzyk fan iepenloftspul 'Myn Skip' noch ien kear yn reprize

14 jan 2019 - 15:13

Big Band Friesland en it duo Ella & her man sille op 27 jannewaris yn De Harmonie noch ien kear de muzyk fan 'Myn Skip' spylje. De foarstelling is in iepenloftspûl oer skûtsjesilen dat yn 2018 spile waard yn Earnewâld. It stik wûn yn desimber de Friese Anjer.

Foto: Big Band Friesland

De arranzjeminten foar de foarstelling binne skreaun troch Herman Woltman, Baukje Wytsma skreau de Fryske teksten en Ella de Jong song se.

Ein jannewaris sille Big Band Friesland en Ella & her man dus noch ien kear de muzyk fan Myn Skip spylje. By dat konsert wurde de fideo-opnamen toand dy't fan de foarstellingen makke binne.

(advertinsje)
(advertinsje)