Boekhâldster drukt 15.000 euro achteroer

In 44-jierrige frou út Dronryp hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen en in moanne selstraf ûnder betingst omdat se goed 15.000 euro achteroer drukt hat by it bedriuw dêr't se as boekhâlder wurke. Se brûkte it jild om online mei te gokken.
Beurs © Shutterstock.com
De frou behearde de finansjele administraasje fan in bedriuw yn Ljouwert. Yn in pear moanne tiid makke se tûzenen euro's oer nei har eigen rekken, om har gokferslaving mei te beteljen.
De fertochte en de eigeneresse fan it bedriuw wiene freondinnen. Der is besocht in regeling mei it bedriuw te treffen, mar de eigeneresse wol nearne fan witte, sy fielt har bedondere.
De fertochte is ûnder behanneling foar har ferslaving. Se hat yntusken 500 euro werombetelle. Fan de rjochter moat se de rest ek werombetelje.