Tsjustere Waadhoeke wol yn de nacht toeristen lûke

14 jan 2019 - 13:09

Wa't tenei de nacht belibje wol, kin telâne yn de gemeente Waadhoeke. It kolleezje hat 10.000 euro beskikber steld foar in oanjager dy't in nachtnetwurk opsette moat. Dat netwurk moat allerhanne lytse inisjativen dy't der no al binne mei mekoar ferbine.

Foto: Omrop Fryslân

Dan giet it bygelyks om nachttunen yn Wier en Swarte Haan. Dêr soe ek in observatoarium komme kinne, dêr't minsken nei de stjerren sjen kinne. En dat moat wer mear toeristen nei Waadhoeke lûke.

Nachtboargemaster

Der komt ek in nachtboargemaster, dy't as ambassadeur fan de nacht ynset wurde sil. Wethâlder Jan Dijkstra ferwachtet benammen út de Rânestêd in soad belangstelling. Neffens him is Waadhoeke ien fan de gebieten dêr't je de nacht noch belibje kinne.

Minder ljocht

It toeristyske plan past ek binnen it stribjen fan de gemeente om yn de nacht minder ljocht út te stjitten. De gebieten mei de grutte kaskompleksen by ûnder oare Seisbierrum, dy't yn de nacht in soad ljocht útstjitte, falle bûten de plannen.

Wethâlder Jan Dijkstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)