Geitehâlder Doetie Trinks: "Krityk op geiteboeren fernuveret my net"

14 jan 2019 - 12:25

Hieltyd mear provinsjes wolle der gjin geitehâlders mear by ha. Dit hat te krijen mei de folkssûnens. Ut in rapport fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, docht bliken dat der om geitebedriuwen hinne mear longûntstekkings foarkomme by minsken. Geitehâlder Doetie Trinks út Jobbegea is net fernuvere oer dit nijs. "It is yntinsive feehâlderij. Sa folle bisten op sa'n lytse romte, dan krijst in gruttere kâns op syktes", fynt Trinks.

Trinks hat sels in lyts bedriuw mei 55 geiten. Sy is kritysk as it giet om grutskalige bedriuwen, dy't se hieltyd mear om har hinne sjocht. "Litte wy earlik wêze: sjochst noait geiten bûtendoar rinnen. Dy bisten sitte alle dagen binnen. Kinst dy ôffreegje hoe sûn soks is. En hoe sûn is dan de geitemolke dy't wy drinke?"

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Hoe grutter, hoe better

De geitehâlder út Jobbegea pleitet dan ek foar lytsskalige bedriuwen. "Ik tink dat ik mei myn 55 bisten better draai as grutte bedriuwen. Hoe grutter, hoe better giet yn dit gefal net op." De trend dat boeren mei kij oerstappe nei geiten fynt se dan ek gjin goeie ûntwikkeling. "Sa ûntsteane der noch mear grutskalige geitehâlders. Ik fyn dat de provinsje Fryslân dêr kritysk nei sjen moat."

Boadskip

Ek foar de konsumint hat Trinks in dúdlik boadskip. "Wy moatte net sa benaud wêze om jild út te jaan foar ús iten", fynt se. "In lekker produkt is goed foar dyn sûnens, mar ek it is ek genietsjen. Der moat in oare mindset komme. We moatte mear lokaal keapje en witte wêr't ús produkten weikomme."

Doetie Trinks

(advertinsje)
(advertinsje)