FNP'er Ten Hoeve: "Wiziging Mynbouwet is in nije stap om problemen op te lossen"

De Partij voor het Noorden wol brekke mei Onafhankelijke Senaats Fractie (OSF). It bestjoer fan de Partij voor het Noorden sil oan de leden foarstelle om it lidmaatskip fan de OSF op te sizzen.
Hendrik ten Hoeve © Omrop Fryslân
Belangrykste reden foar de breuk is de stimming oer de Mijnbouwwet yn de Earste Keamer. De OSF-senator stimde foar, ek al wie út Grinslân wei de input jûn om dat net te dwaan.
Dat fernuvere it bestjoer fan de partij. "Juist in onze provincie Groningen, waar dit tot zulke catastrofale problemen leidt, kan de Partij voor het Noorden hier politiek niet achter staan', wederom laat Den Haag ons in de steek", skriuwt foarsitter Mariska Sloot. It bestjoer fynt dat de Partij voor het Noorden troch dy stimming gjin leauweardige politike relaasje mear mei de OSF hat.
De leden fan de Partij voor het Noorden stimme 24 jannewaris oer dit foarstel.
© ANP
De OSF is in platfoarm foar sechstjin provinsjale ûnôfhinklike partijen, dat mei ien sit yn de Earste Keamer fertsjinwurdige is. Hendrik ten Hoeve fan de FNP sit út namme dêrfan al tolve jier yn de Earste Keamer.
Hy begrypt de lilkens fan de Partij voor het Noorden net hielendal. "Myn konstatearring wie, doe't minister Wiebes mei de wizigingen fan de Mynbouwet kaam, dat it in nije stap wie om it probleem op te lossen."
Hendrik ten Hoeve oan it wurd
It sentimint leit yn Grinslân lykwols hiel oars. Neffens Ten Hoeve is him net ferteld dat hy tsjin stimme moast. "Ik wie frij posityf oer dy wet. Ik ha sein dat ik yn in oantal opsichten fyn dat dizze wetjouwing foarútgong is", ferfolget er. "Dêr hawwe se ynhâldlik eins net op reagearre. It iennichste ynhâldlike argumint wie dat se bang wiene dat de NAM net mear oanspraaklik wêze soe. De minister hat just útdruklik fêstlein dat de NAM folslein oanspraaklik bliuwt."

Kandidaat-senator

Ald-boargemaster Gerben Gerbrandy is op de ledegearkomste fan de FNP keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Hy sil de striid oangean moatte mei oare kandidaten.