Mûnerestaurateur út Sleat sit yn ûnwissichheid oer brexit

14 jan 2019 - 12:00

De bookmakers binne drok oan it spekulearjen oer de brexit. It Britske parlemint stimt tiisdei oer de úttreding út de Europeeske Uny. Foar de Britten is dat spannend, mar ek foar guon Friezen.

Restauraasje mûne troch Dijkstra út Sleat - Foto: Willem Dijkstra

Willem Dijkstra fan Sleat is restaurateur fan mûnen. Syn bedriuw is no twa jier dwaande yn de dielgemeente London Upminster mei ien fan de meast yngewikkelde restauraasjes yn de skiednis fan it bedriuw.

De opdracht foar dizze grutte put krige it bedriuw krekt yn de perioade dat de brexit op 'e tafel kaam. Doe binne wol ôfspraken makke, mar net ien wist doe wat de brexit ynhâlde soe. En no wurdt bygelyks praat oer in 'hurde' brexit.

Willem Dijkstra, restaurateur mûnen oer de gefolgen fan de brexit

Dijkstra makket him bot soargen oer de ûntwikkelingen. Hy hat gjin idee hoe't it dan komt mei it wurk dat se dogge yn Londen. Se binne dwaande mei in nij projekt, mar dat is foarearst 'on hold' set.

De regeljouwing aanst is net dúdlik, dêr moat noch nei sjoen wurde. Dijkstra jout oan dat ditsoarte saken dus grutte gefolgen hawwe kinne foar in soad bedriuwen.

Foto: Willem Dijkstra

Wat it dan op termyn betsjutte sil foar it bedriuw is folslein net dúdlik. Foar Dijkstra is it in ûnwisse tiid. It is it praat fan de dei foar him.

Oare minsken hawwe neffens him noch lang net altyd troch watfoar gefolgen de brexit hat foar ús ekonomy.

(advertinsje)