FNP wol provinsjale stipe foar jildpot sanearjen fan asbestdak

14 jan 2019 - 11:22

De provinsjale FNP-fraksje ropt it provinsjebestjoer op om boeren en ûndernimmers te helpen dy't asbest op it dak ha. Oer seis jier moat al it asbest fan de dakken wei wêze, mar der is lanlik gjin subsydzje mear beskikber. De pot fan 75 miljoen euro dy't beskikber wie, is leech.

Gefaar foar asbest - Foto: ANP

Boeren en ûndernimmers wurde stimulearre om it asbest op har dakken te sanearjen. Dat moat foar ein 2024, want dan meie der gjin asbestdakken mear wêze.

It Ryk hat dêr in subsydzjepot foar beskikber steld, mei 75 miljoen euro dêryn. Dy pot is al leech. En dat hat grutte konsekwinsjes foar Fryske boeren en ûndernimmers.

"De regeling is sa dat je pas in oanfraach foar subsydzje dwaan kinne as it asbest al fuorthelle is. Dy oanfraach moat binnen seis moannen dien wurde," seit FNP-Steatelid Wopke Veenstra. "Mar om't it jild no op is, kinne minsken dus gjin subsydzje krije dêr't se wol rjocht op hawwe."

De FNP hat dêr fragen oer steld. Se wolle ûnder oare witte oft de provinsje kontakt opnimt mei it ministearje fan Ekonomyske Saken om ta in oplossing te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)