Bestjoerder (19) fljocht út de bocht op Oostergowei

14 jan 2019 - 11:11

In 19-jierrige automobilist út de buert fan Grou is yn de nacht fan snein op moandei op de Oostergowei yn Ljouwert út de bocht flein. De jonge bestjoerder en syn beide 19-jierrige passazjiers kamen mei de skrik frij.

Foto: Google Maps

De bestjoerder koe de bocht by it spoar oan de Oostergowei net helje. Hy ried lâns de stoeprâne, rekke dêrby in ferkearsboerd en belâne úteinlik yn de sleat. Ien fan de ynsittenden hie wol lêst fan 'e rêch, mar woe him net behannelje litte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)