Plysje warskôget foar ynbrekkers yn Ljouwert
De plysje warskôget dat der de lêste tiid in soad ynbrutsen wurdt yn Ljouwert. Ek ôfrûne wykein wie it op 'e nij rekke by twa wennings yn de haadstêd. By ien hûs kamen de dieven binnen, by it oare net.
Ut in hûs oan de Okkingastate namen de ynbrekkers in kompjûter en sieraden mei. Om binnen te kommen waard de efterdoar iepenbrutsen.
Dat besochten ynbrekkers ek te dwaan by in wenning oan de Couperinstrjitte. Dêr waarden se lykwols steurd troch de bewenner. Dy hearde sneintenacht lûd by de keukendoar. De bewenner seach earst neat, mar moarns die bliken dat it silinderslot fernield wie.