Kooi Security klear foar nije wet kameratafersjoch
Befeiligingsbedriuw Kooi Security yn Drachten is klear foar de nije wet op kameratafersjoch. Kooi Security is merklieder as it giet om tydlik kameratafersjoch op ferskate plakken yn de wrâld. "Wy moatte foaroprinne as it giet om nije wetjouwing", fertelt direkteur Pieter Kooi.
Kooi Security klear foar nije wet kameratafersjoch
Ferskerpe wetjouwing op it mêd fan privacy soarge der foar dat Kooi Security de ôfrûne tiid it nedige oanpasse moast binnen it bedriuw. "Wy binne tsjintwurdich in folslein sertifisearre alarmsintrale", fertelt direkteur Pieter Kooi. "Dat is nedich fanwegen de ferskerpe ynformaasjebefeiliging." Ek de eigen meiwurkers wurde fan tefoaren goed scand, foardat se binnenkomme.
Tapaslik plak
Kooi Security hat syn kantoar yn it gebou oan de Zonnedauw yn Drachten, dêr't earder de Nederlandse Bank syn jild bewarre. Yn it kantoar sân meter ûnder de grûn steane ferskate byldskermen, dêr't de kamerabylden 24 oeren deis besjoen wurde. "Dit gebou lient him prachtich foar ús aktiviteit", laket Kooi.
Bauke Deelstra wie by Kooi Security
Foar de wyn
Kooi is yn hiel Europa aktyf, benammen op bouplakken. Eartiids begong it mei it befeiligjen fan wynmûnen. It giet Kooi Security yntusken foar de wyn. It bedriuw siket nije meiwurkers yn ferskate lannen.
"Wy ha moaie groeiplannen foar de kommende jierren", fertelt de direkteur. "Yn Denemarken, Dútslân, Frankryk en Amearika sykje wy minsken. En ek yn Drachten ha wy noch personiel nedich."