Kollum: "Gjin gehoar"

14 jan 2019 - 07:33

"Ik besykje al in oantal wiken om myn 'overlijdensrisicoverzekering' op te sizzen. Dat is noch in hiel och heden, sil ik dy fertelle. Wêr't ik de oare fersekeringen mei ien telefoantsje opsizze koe, moat dit allegear digitaal fia de mail. En dus stie ik ôfrûne wike myn ID-kaart en ûndertekene brief yn te scannen; wat in gedoch. En doe betocht ik wat elkenien sûnder mail en nijerwetske digitale kommunikaasjemiddelen fiele moat: bist 'digitaal gehandicapt'.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

It falt my de lêste tiid hieltyd faker op dat wy der mar fanút gean dat elkenien digitaal it paad wit te finen. Foarige wike noch hiene wy in diskusje mei Doarpsbelang oer it útnûgjen fan leden foar ús ledefergadering yn maart. Dy útnûgings geane fia de mail. Leden dy't gjin mail ha, krije in útprinte pakketsje mei notulen op de matte. "Dat moast mar hast klear wêze", fûn ien. In oaren fûn dat wy leden sûnder mail net útslute mochten. "Mar wa hat no noch gjin mail?", rôp in tredden.

Ik moat earlik tajaan dat ik der sels ek fanút gean dat elkenien tsjintwurdich wol mail hat. Noch net sa lang lyn hie ik in ynterview mei in man op leeftiid. Nei ôfrin frege ik wêr't ik it útwurke ynterview nei ta maile mocht, sadat hy it trochlêze koe. "Bêst fanke, ik ha gjin mail", sei er. Shit, tocht ik. Hoe moat ik myn ferhaal dan by him krije? "Fia de post", lake er. "Dat bestiet ek noch, hear."

In brief op de post; wy dogge it hast net mear. Sterker noch: sels it beljen is op syn retoer. Elk bedriuw datst bellest, attendearret dy der allerearst op datst alles ek online regelje kinst. En dêrnei krijst te hearren dat de wachttiid sa'n fiif minuten is. En it kin sels noch rigoereuzer.

Wy hiene foar Sinteklaas in koptelefoan besteld op ynternet. Al ridlik gau gong it ding stikken. Dus wy belje mei de leveransier. Wy krigen fuort de voicemail mei it folgjende ferhaal. "Om u nog beter en sneller van dienst te kunnen zijn, zijn wij telefonisch niet meer bereikbaar. Wij staan voor u klaar via email, whats app en chat." Mei oare wurden: wa't gjin smartphone, pc of mail hat, krijt gjin gehoar. Net fia de stikkene koptelefoan en net ek net mear fia de gewoane telefoan.

De gewoane telefoan moat tsjintwurdich nammentlik in smartphone wêze. Foarige wike siet ik op kantoar by wethâlder Gerben Wiersma fan de gemeente Dantumadiel. Wy hiene it oer de jongerein yn de doarpen. It ferhaal kaam út by hingplakken, dêr't se elkoar treffe kinne. "Wy stiene eartiids altyd gewoan op 'e hoeke", fertelde de wethâlder. "Dêr kaam elkenien. Mar hjoed-de-dei giet alles digitaal. Se appe elkoar yn plak fan nei de hoeke te rinnen. Skande, want elkoar sjen, is toch echt better."

Dêr hat er in punt, fyn ik. Yn ús rappe, digitale maatskippij ûntbrekt it ús hieltyd mear oan echt kontakt. Wy nimme der de tiid net mear foar. Ik bin gelokkich net de iennige dy't dit konkludearret. Op LinkedIn seach ik in berjocht fan in man út Amearika, dy't fertelde dat er alle wiken syn heit en mem bellet. Hy skriuwt dat syn âlden dêr beide hiel bot nei útsjogge alle wiken. En it kostet him mar in healoerke yn 'e wike. Hy ropt elkenien op om krekt lykas him alle wiken efkes mei dyn nêsten te beljen. It berjocht is al wit ik hoe faak dield en 'liked'. Allegear minsken dy't persoanlik kontakt misse.

Ek ik hoopje dat dizze ûnpersoanlike digitale trend wer omslaan sil oer in oantal jier. Dat bedriuwen oer tsien, fyftjin jier yn harren strategyske plan sette dat persoanlik kontakt in 'pijler binnen de organisatie' is. Dat meiwurkers net langer maile meie, mar de telefoan pakke moatte. Datst as automatyske antwurd op dyn mailtsje krijst: "Om u nog beter van dienst te kunnen zijn, zijn wij via de mail niet meer bereikbaar. Wij bellen u even." Of sa't wy dat sizze soenen yn Fryslân: Doch mar gewoan, pak de telefoan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)