Grinzer hurdrider pakt yn Ingwierrum
De plysje hat sneintemiddei it rydbewiis fan in 40-jierrige man út it Grinzer Niekerk yn beslach naam. De hurdrider ried mei mear as 120 kilometer yn de oere oer de Mounebuorren yn Ingwierrum, dêr't 60 kilometer yn 'e oere it maksimum is.