Fergetten Joadske wurkkampen fertelle harren ferhalen

Om it ûnbekende stikje skiednis fan de Joadske wurkkampen út de Twadde Wrâldoarloch mear bekendheid te jaan, is der in begjin makke om kamp Ybenheer en kamp Oranje by De Fochtel tagonklik te meitsjen. It binne de earste fan de fiif Fryske wurkkampen, dêr't ynformaasje komt oer de Nederlânske Holocaust. Dizze kampen foarmen it foarportaal fan deportaasje nei Westerbork en de ferneatigingskampen.
Fergetten Joadske wurkkampen fertelle ferhalen
De kampen Ybenheer en Oranje krije in rolstoeltagongklik paad. Ynformaasjebuorden sille minsken it ferhaal fertelle fan de kampen, dy't it begjin wiene fan de Joadeferfolging yn Nederlân. De fiif Fryske kampen binne yn oktober 1942, krekt as de 45 oare Nederlânske kampen, leechhelle en ek de famyljes waarden thús oppakt. It Dútske systeem wie klear foar de deportaasje en it útmoardzjen fan de Nederlânske Joaden. Mar in hanstjefol Joaden hat de oarloch oerlibbe.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie yn kamp Ybenheer
Ybenheer en Oranje hawwe neist Joaden ek oare bewenners hân, lykas wurkwegerers en NSB'ers. Nei de Twadde Wrâldoarloch hawwe der tsien jier lang Súd-Molukkers wenne. Ek harren ferhaal sil by De Fochtel nei foaren komme. Op 5 maaie moat it wurk klear wêze. Dan moatte de kampen ek in ûnderdiel wurde fan toeristyske rûtes yn de omjouwing.
Histoarikus Kees Timmerman