Soarchoanbieders yn Ljouwert wolle dúdlikheid oer finânsjes

Der moat sa gau as mooglik dúdlikheid komme oer de budzjetten foar de soarch yn Ljouwert foar de kommende tiid. De soarchoanbieders skriuwe yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat se dy dúdlikheid nedich hawwe foar't se mei in goed plan komme kinne. Foar de jierwiksel wie dêr ek al om frege, mar oant no ta binne de fragen noch net beäntwurde.
Âldereinsoarch © Shutterstock.com
Yn Ljouwert wurdt al in skoft praat oer de takomst fan de soarch, de WMO. Dêr moat foars op besunige wurde: 3,6 miljoen euro. It kolleezje kaam mei in plan om de soarch yngreven te feroarjen. Dat koe net op stipe rekkenje fan de soarchoanbieders en ek net fan de gemeenteried fan Ljouwert. Dy droegen flak foar de krystdagen wethâlder Herwil van Gelder op om yn petear te gean mei de hjoeddeiske soarchoanbieders, ûnder oare GGZ Fryslân en Amaryllis.

Soarchoanbieders tinke mei

De soarchoanbieders hawwe oanjûn meitinke te wollen oer besunigingen en ek oer hoe't de soarch foar de Ljouwerters better levere wurde kin. Dy oanbieding is no dochs oppakt troch ferantwurdlik wethâlder Van Gelder. Hy makke ferline wike bekend syn plannen oan te passen en mei de soarchoanbieders om tafel te wollen.
De soarchoanbieders warskôgje yn de brief foar de gefolgen fan de kommende besunigingen. Der binne soarchynnovaasjes mooglik, mar sjoen de demografyske ûntjouwingen bliuwt it sa dat der folle minder jild beskikber is. Yn it plan dêr't troch de soarchoanbieders oan wurke wurdt, steane aanst ek advizen oer wêr't op besunige wurde kin en wat de konsekwinsjes dêrfan binne.

Gemeenteried

Kommende woansdei praat de gemeenteried fan Ljouwert opnij oer de soarch. Dan moat dúdlik wurde oft de riedsleden ynstimme kinne mei de nije koers fan de gemeente. Guon partijen hawwe al oanjûn noch in soad fragen te hawwen.
Dat jildt ek foar Lutz Jacobi, de fraksjefoarsitter fan de grutste partij yn de Ljouwerter gemeenteried, de PvdA. Se is bliid dat wethâlder Van Gelder ôfstapt fan syn orizjinele plannen, mar hat noch wol betinkingen. Sa wol se in goed útwurke plan sjen fan de soarch op wyks- en doarpsnivo.