Gosse van der Meer sânde op NK fjildriden, Van der Poel wint

13 jan 2019 - 21:01

Gosse van der Meer fan Surhuzum is sneintemiddei sânde wurden op it Nederlânsk kampioenskip fjildriden yn it Brabânske Huijbergen. De Fryske fjildrider koe net op tsjin topfavoryt Mathieu van der Poel. Dy einige mei in grutte ôfstân op de oare riders as Nederlânsk kampioen.

Foto: ANP

Lars van der Haar einige op it twadde plak. It brûns yn Huijbergen gie nei Corné van Kessel. By de froulju wie der gjin Frysk sukses yn de boppeste regioanen fan it Nederlânsk kampioenskip fjildriden.

(advertinsje)
(advertinsje)