Auto bedarret yn it wetter njonken N381 by Oerterp

13 jan 2019 - 20:38

Yn 'e omjouwing fan Oerterp is sneintejûn in auto folslein yn 'e sleat bedarre. It ûngelok barde op de N381. Njonken de plysje en de ambulânse ried ek de brânwacht út nei it plak dêr't de auto fan de dyk rekke wie.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder wie doe al sels út 'e auto klommen. In berger hat de auto dêrnei út it wetter sleept. Hoe't de bestjoerder dêr krekt telâne kommen is, is net dúdlik. Foar safier bekend wiene der gjin oare auto's by it ûngelok belutsen.

Trefwurden: 
ûngelok Oerterp N381
(advertinsje)
(advertinsje)