Schulting: "Ik heb laten zien dat ik tot de wereldtop behoor"

It wie in wike fan ekstremen foar Suzanne Schulting. Woansdei wie de útfeart fan har beppe en in dei letter krige se te hearren dat Sjinkie Knegt mei earnstige brânwûnen yn it sikehûs fan Grins opnommen wie. Winst fan de Europeeske titel shorttrack soarge derfoar dat de Friezinne nei ôfrin dochs laitsje koe yn Dordrecht.
Suzanne Schulting
"Het was best een heftig weekje", fertelt Suzanne Schulting fan De Tynje. "Het ware rake klappen die ik kreeg. Ik heb ze om weten te zetten in kracht. Ik heb het hele seizoen uitgesproken dat ik Europees kampioen wilde worden. De druk was enorm, al legde ik die mezelf ook op. Ik weet goed wat ik moet doen om te behalen wat ik wil behalen. Ik heb laten zien dat ik tot de wereldtop behoor.''

Spannende slotfaze EK

It waard snein noch efkes spannend doe't Schulting op 'e 1.000 meter in flater makke, mei diskwalifikaasje as gefolch. Dochs bleau Schulting harsels. "Die actie van me was niet handig. Ik verloor even de controle. Het was een kleine black-out. Ik heb daarna heel even gevloekt. Dat is de enige agressie geweest die ik heb getoond."
De 21-jierrige Friezinne woe dit wykein graach sjen litte dat har Europeeske titel op 'e 1.000 meter fan foarich jier gjin tafalstreffer wie. "Ik heb in de zomer enorm hard getraind. Zoveel Nederlanders wonnen goud bij de Spelen. Ik wilde niet dat die van mij snel vergeten zou worden. Ik ben geen eendagsvlieg."
© ANP
Ek de ôflossing waard in proai foar Schulting, en de Nederlânske froulju. Rianne de Vries fan It Hearrenfean spile dêryn ek in wichtige rol. "Dizze is hiel moai. Miskien wol ien fan de moaisten! Wy wiene gewoan de bêsten."
Rianne de Vries