Berging konteners Waadgebiet ek moandei net los troch minne waar

13 jan 2019 - 19:46

Der sil ek moandei yn it Waadgebiet noch net úteinset wurde mei de berging fan de oerboard sleine konteners fan de MSC Zoe. It waar is te min foar de bergingsskippen om harren wurk te dwaan; benammen de weagen binne te heech, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.

Foto: ANP

It is noch net bekend wannear't der wol begûn wurde sil mei de berging. Neffens de wurdfierder wurdt de situaasje moandei opnij besjoen, mar is der kâns dat it tiisdei ek noch dreech wurdt om útein te setten.

Konteners yn see

Der lizze noch mear as 250 konteners op see. Guon dêrfan lizze sa djip dat it dreech is om by te kommen. Foarige wike foelen hast 300 konterers fan it frachtskip MSC Zoe ôf, boppe de Waadeilannen.

De hiele bergingsoperaasje sil nei alle gedachten moannen duorje. Fan tsientallen konteners is de lokaasje noch net bekend. Definsje helpt mei om se te sykjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)