LDODK behellet grutte oerwinning tsjin Blau Wyt Amsterdam

13 jan 2019 - 18:38

De Fryske kuorbalploech LDODK hat in grutte oerwinning helle tsjin Blau Wyt Amsterdam. Yn sporthal Koartsweagen waard it 30-20 yn it foardiel fan de Gordyksters.

Foto: Jurjen Smid

Blau Wyt begûn as nûmer fjouwer oan dit duel, mei twa punten mear as LDODK. De Gordyksters moasten winne om sicht te hâlden op de play-offs. Yn in bomfolle sporthal Koartsweagen pakte LDODK it inisjatyf en kaam mei 5-1 en 8-4 foar. Mar de Amsterdammers koene oanheakje en slûpten hieltyd tichterby. By it skoft wie de marzje mar ien goal yn it foardiel fan de Friezen: 14-13.

Demaraazje LDODK tefolle foar Blau Wyt

Yn de twadde helte skeat LDODK as in komeet út de startblokken. Under oanfiering fan Erwin Zwart (8 goals) en Femke Faber (6 goals) pakte LDODK in maksimale foarsprong fan leafst tolve goals: 27-15. De Amsterdammers wiene knock-out, en de wedstriid waard kundich útspile. Marjolijn Kroon bepaalde mei har fiifde treffer de einstân op 30-20.

Nei acht duels stiet LDODK no op it dield fjirde plak mei 10 punten, tegearre mei Blau Wyt Amsterdam. Snein 20 jannewaris spilet LDODK yn Delft tsjin koprinner Fortuna.

Fryske derby yn 'e haadklasse

Yn Wolvegea stiene de twa Fryske haadklasseploegen tsjinoer inoar. SCO út Aldeholtpea hie ein desimber de earste derby tsjin Mid-Fryslân yn Grou mei 26-24 wûn, en ek no wiene de Stellingwervers de sterkste. SCO wint mei 27-21 fan Mid-Fryslân en klimt nei it fiifde plak yn de haadklasse B.

Mid-Fryslân sakket no nei it sânde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)