Nederlânske manlju winne sulver: "Foar Sjinkie"

13 jan 2019 - 17:44

De Nederlânske shorttrackmanlju, mei Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann, moasten harren sneintemiddei yn Dordrecht tefreden stelle mei in sulveren medalje. Yn de ôflossingsfinale op it EK shorttrack waard it tige spannend, mar bleau Hongarije de Nederlânske riders mei in lyts ferskil foar.

Nederlânske manlju winne sulver efter Hongarije yn ôflossingsfinale

Nei ôfrin wie benammen Daan Breeuwsma tige emosjoneel. "Geweldich, dit is echt foar him (Sjinkie Knegt red.). It earste toernoai sûnder him en wy pakke fuortendaliks sulver. Ik tink dat wy hjir hiel grutsk op wêze meie."

Trefwurden: 
EK shorttrack
(Advertinsje)
(Advertinsje)