Nederlânske shorttracksters pakke Europeeske titel ôflossing

De Nederlânske shorttracksters, Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven, binne snein Europeesk kampioen wurden op de ôflossing. Yn Dordrecht waarden alle oare lannen yn de finale oer 3.000 meter ferslein.
De Nederlânske relayfroulju binne Europeesk kampioen © Orange Pictures
Al frij rap namen de Nederlânske froulju de lieding. Suzanne Schulting, dy't krekt wat earder yndividueel Europeesk kampioene shorttrack waard, mocht it lêste part fan de finale foar har rekken nimme.