Bobslider Veenker sechde op it EK yn Königssee
Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean is snein mei de Nederlânske fjouwermansbob as sechde einige op it EK yn it Dútske Königssee. Nei twa runs joegen de Nederlânske manlju in sekonde ta op de Dútske winner Johannes Lochner.
Veenker siet mei piloat Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas yn de bob. It sulver yn Königssee wie foar Oskars Kibermanis út Letlân; de brûnzen medalje gie net Friedrich Francesco út Dútslân.
Wrâldbekersirkwy
De wedstriid yn Königssee telde ek mei foar it wrâldbekersirkwy. Der wiene noch twa bobteams fan bûten Europa rapper as de Nederlanners. Yn de wrâldbekerstân binne Veenker-en-dy dus as achtste einige. Mei de twamansbob waarden se sneon tsiende op it EK en tolfde yn de wrâldbeker.