Jurre 495 wit hiel goed dat hy de kampioen is

De dyk nei Jorwert stiet snein grôtfol auto's. Elkenien komt foar in besite oan Stal Chardon, foar Jurre 495. De hynst waard dit wykein foar de tredde kear op rige kampioen by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek. Jurre sels stiet foaroan yn syn boks yn de stâl. Mei de kampioenslinten om de boks hinne en tal fan minsken dy't derfoar steane om in foto te meitsjen.
Jurre 495 wit hiel goed dat hy de kampioen is
De besikers oan de stâl komme oeral wei. Jelmer Chardon, de eigener fan de stâl en foar in part ek eigener fan Jurre 495, bliuwt mar fûstkjen. Der komme blommen, flessen wyn en de wrâld oan tuten. "Trije kear, it is geweldich. Ik kin it net goed ûnder wurden bringe", seit Jelmer Chardon.

Iepen dei

Sneins hat hy in iepen dei organisearre. "We dienen dit net mei it idee dat we winne soene. It is gewoan sa'n dei nei de keuring in moai momint om oan je klanten sjen te litten hokker hynders je hawwe. En as je de kampioen ha, lûkt dat in soad ekstra minsken."
Neffens Chardon hat Jurre goed troch dat elkenien foar him komt. "Sjoch 'm stean yn de boks. Hy sjocht om 'm hinne, Hy fielt him de kampioen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It wie ek drok dêr ûnder de reek fan Jorwert. Inkelde hûnderten minsken kamen om te sjen nei de koarte demonstraasje bûten yn de bak. Jurre, mar ek oare hynsten dy't ûnderdak hawwe yn de stâl, lieten dêr sjen wat se kinne.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ien fan de besikers komt út Australië. "Dit is een geweldig paard. Kijk naar z'n hoofd, mooi gevormd, z'n ogen, z'n manen. Eigenlijk alles." Down under fokt hy sels Fryske hynders: "Ik hoop dat ik nog wat sperma fan Jurre kan laten overkomen. Het is alleen erg lastig dat te importeren. Een woord dat verkeerd staat en alles gaat niet door. Het is lastig maar ik wil het wel graag."

Sperma de wrâld oer

Oaren komme om't se Jurre yn it WTC Expo sjoen ha. In mem en har dochter sieten op de tribune: "Ja gister hebben we hem bij de hengstenkeuring gezien. Nu in het echt, heel erg leuk. Het is gewoon geweldig om te zien. Hoe hij loopt, hoe hij eruit ziet. geweldig om te zien. Het is een welverdiende kampioen. Het is het zwarte goud hé... Zal het altijd blijven."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma