Oppermachtige Suzanne Schulting pakt Europeeske shorttracktitel yn Dordrecht

13 jan 2019 - 16:52

Suzanne Schulting fan De Tynje is sneintemiddei yn Dordrecht Europeesk kampioene shorttrack wurden. Yn de superfinale oer 3000 meter wûn Schulting oppermachtich. It kaam noch oan op dy lêste finale; yn de heale finale op de 1000 meter waard Schulting diskwalifisearre en krige se dêrtroch gjin punten foar it klassemint.

Suzanne Schulting wurdt Europeesk kampioen shorttrack - Foto: Orange Pictures

Schulting ried yn de superfinale fiif rûntsjes foar de ein fuort by de konkurrinsje en har foarsprong kaam net mear yn gefaar.

Diskwalifikaasje

Earder snein waard Schulting diskwalifisearre yn de heale finale fan de 1000 meter. Dêrtroch joech se har foarsprong yn it klassemint út hannen oan Sofia Prosvirnova. Yn de superfinale kaam Prosvirnova lykwols net fierder as it fjirde plak.

Schulting kaam út op in puntetotaal fan 76, Prosvirnova bleau op 57 punten stean. It brûns gie net de Britske Elise Christie mei 47 punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)