Daan Breeuwsma bestraft yn A-finale 1000 meter fan EK shorttrack

13 jan 2019 - 16:39

Daan Breeuwsma fan Akkrum hat sneintemiddei yn de A-finale op de 1000 meter in straf krigen. Op it EK shorttrack yn Dordrecht makke Breeuwsma neffens de sjuery in flater tsjinoer de Frânsman Thibaut Fauconnet.

Daan Breeuwsma triuwt Itzhak de Laat by de relay - Foto: Orange Pictures

Breeuwsma krige noch wol inkelde punten foar it klassemint, mar it wie net genôch om meidwaan te kinnen oan de superfinale. It yndividuele toernoai foar Breeuwsma sit der sadwaande op.

Trefwurden: 
shorttrack Daan Breeuwsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)