Cambuur en Sparta yn it lykwicht nei spektakulêr duel yn Ljouwert
Sportklup Cambuur hat sneintemiddei yn Ljouwert in swierbefochten lykspul behelle tsjin Sparta Rotterdam. Yn in spektakulêre wedstriid yn it Cambuurstadion waard it úteinlik 3-3. De ploech fan trainer René Hake stie in skoft mei 3-2 foar, mar seach Sparta yn de 89ste minút op likense hichte komme. It wie foar Cambuur de earste wedstriid fan de twadde seizoenshelte.
Al nei tsien minuten kaam Cambuur op efterstân troch in goal fan Mohamed Rayhi, dy't ien-op-ien kaam mei doelman Xavier Mous en binnen skeat. Dernei begûn Cambuur better yn it spul te kommen, dat him útbetelle yn in tal kânsen.
Yn de 23ste minút wie dêr de lykmakker fan Matthew Steenvoorden. In foarset fan Kallon waard troch in ferdigener fan Sparta ferwurke ta in corner, dy't troch Steenvoorden hurd binnen kopt waard. Inkele minuten letter moest Robin Maulun blessearre it fjild ferlitte, hy waard ferfongen troch Van Kippersluis.
Koarte foarsprong Cambuur
Yn de 31ste minút kaam de ploech fan René Hake op foarsprong. Ut in strakke corner kopte Nigel Robertha binnen: 2-1. Krekt foar it skoft stie Sparta lykwols wer op likense hichte. Spits Lars Veldwijk skeat de bal troch de fuotten fan Steenvoorden, wêrnei't de bal binnen gie.
Yn de twadde helte besocht Cambuur wer op foarsprong te kommen, mar ek Sparta krige kânsen. Yn de 63ste minút waard Robertha ûnderút lutsen yn it sechtsjinmetergebiet, mar de skiedsrjochter seach dêr net genôch yn foar in strafskop.
Sparta yn slotfaze lyk
Goed in kertier letter wie it wol raak foar Cambuur. Ut wer in corner koe debutant Kevin Jansen yn 'e goal koppe. Opnij koe Cambuur net lang genietsje fan de foarsprong; yn de 89ste minút rûn Deroy Duarte de bal ienfâldich binnen, nei definsyf gepruts yn 'e ferdigening fan Cambuur. Nei trije minuten blessueretiid makke de skiedsrjochter in ein oan de wedstriid.
SC Cambuur - Sparta Rotterdam 3-3 (2-2) 10. Mohamed Rayhi 1-0, 23. Matthew Steenvoorden 1-1, 31. Nigel Robertha 2-1, 45. Lars Veldwijk 2-2. 78. Kevin Jansen 3-2, 89. Deroy Duarte 3-3.
Opstelling Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Jansen (79. Boerlage), Van den Beemt (67. Ciganiks), Maulun (30. Van Kippersluis), Kallon, Robertha, Conraad.