Suzanne Schulting net nei finale 1000 meter nei flater, Breeuwsma yn A-finale

13 jan 2019 - 15:56

Suzanne Schulting fan De Tynje is der by de Europeeske kampioenskippen shorttrack yn Dordrecht net yn slagge har te kwalifisearjen foar de finale fan de 1000 meter. De 21-jierrige Schulting einige yn 'e earste heale einstriid as twadde efter de Britske Elise Christie.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

Schulting hie neffens de wedstriidlieding lykwols in flater makke en krige dêrfoar in 'penalty'. Christie is in wichtige konkurrinte foar Schulting om de einoerwinning yn it klassemint. Letter snein is de ôfslutende superfinale op de 3000 meter.

Breeuwsma

By de manlju kwalifisearre Daan Breeuwsma him foar de einstriid op 'e kilometer. Itzhak de Laat wie nei de heale finale al útskeakele op dizze ôfstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)