Sven Kramer wint foar de tsiende kear it EK allround

Sven Kramer hat sneintemiddei yn Collalbo it Europeesk kampioenskip allround op syn namme skreaun. It is de tsiende kear dat de Fries it EK allround wint. Op de tsien kilometer waard Kramer twadde efter Patrick Roest, yn in tiid fan 13.26.88.
© ANP
Earder op de dei wûn Kramer de 1500 meter, en kaam er oan de lieding yn it klassemint. By it lêste ûnderdiel, de tsien kilometer, moast Kramer in foarsprong fan 2,36 tellen op Patrick Roest ferdigenje.
Kramer begûn goed en hie al gau in foarsprong op Roest. Yn de lêste rûntsjes moast Kramer wat tajaan en kaam Roest tichterby. Yn de lêste ronde gong Roest Kramer foarby, wêrtroch't er de tsien kilometer wûn yn in tiid fan 13.26.88.

Collalbo

Yn 2007 waard Sven Kramer foar it earst Europeesk kampioen, doe ek yn Collalbo. Sûnt dat jier waard Kramer allinnich yn 2014 en 2018 net Europeesk kampioen.

Brûns foar Douwe de Vries

Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard tredde yn de tsien kilometer yn in tiid fan 13.35.87. Dy tiid levere him in sânde plak op yn it einklassemint. Grutte konkurrint fan Kramer en Roest, de Noar Sverre Lunde Pedersen, waard tredde yn it einklassemint.